Fryske Gea tsjin wynmûnen

01 nov 2000 - 12:37

It Fryske Gea tsjinne in beswierskrift yn tsjin de bou fan trije saneamde solitêre moles oan de súdkant fan Wommels. It is foar it earst dat de natuerorganisaasje yn aksje komt tsjin de wynmûnen.

It Fryske Gea is sûnt de simmer behearder fan de Slachtedyk, it gebiet dêr't de wynmûnen komme moatte. De provinsje bepaalde earder dat der net mear allinne steande wynmûnen yn it lânskip meie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)