Fryske Gea tsjin Suderseeline

04 jul 2001 - 00:00

It Fryske Gea sil him fersette tsjin de oanlis fan de Suderseeline. It Gea is benaud foar skea oan it lânskip as it spoar tusken Lelystêd, It Hearrenfean, Drachten en Grins oanlein wurdt. De Suderseeline soe in ûnakseptabele oanslach op it Fryske lânskip betsjutte.

It Gea soe leaver ynvestearje yn it besteande spoar. Dy saneamde Hanze+lijn rint fia Swolle nei Ljouwert en Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)