Fryske Gea tsjin ferjeien roek

28 feb 2013 - 19:29

It Fryske Gea fynt dat de greidefûgels úteinlik de dupe binne fan it ferjeien fan roeken. Yn sawol de gemeente Tytsjerksteradiel as Ljouwert is fergunning jûn foar it ferjeien fan de roeken. De roeken sieten earst yn de gemeente Tytsjerksteradiel en dêrnei yn Ljouwert. No binne se dêr fuortjage en sykje wer in oar plak.

By dat sykjen fleane de roeken oer it greidefûgelgebiet tusken beide gemeenten. De greidefûgels sjogge de roeken as gefaar en geane der achteroan.

Sa ferlitte se ûnnoadich faak de nêsten en de jongen, dy't dan ûnbeskerme achterbliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)