Fryske Gea siket âldere leden

31 maaie 2008 - 16:57

It Fryske Gea moat mear âldere jongeren as leden krije. Sa moat it weromrinnend oantal fan de natuerorganisaasjes keard wurde. Neffens de nije foarsitter Arjen_van_der_Meer is de âldere jongere, immen fan boppe de 50, in ideale doelgroep.

Dizze groep is settele en hat tiid om oare wearden yn it libben te ûntdekken, sa seit Van der Meer. De jeugd moat wol belutsen wurde by it Gea. Sa moatte de aktiviteiten foar dy groep oerein hâlden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)