Fryske Gea: It prikken fan guozze-aaien helpt net

25 mrt 2016 - 17:44

It prikken fan guozze-aaien hellet neat út, sa docht bliken út ûndersyk yn opdracht fan it Fryske Gea. De aaien fan skiere guozzen wurde kapot makke om sa it tal fûgels te beheinen. Dat ha de natuerbehearders ôfpraat mei de provinsje en de boeren. It fangen en fergassen fan guozzen hellet wol wat út. En wat hielendal goed wurket, binne foksen yn natuerterreinen.

It tal briedende skiere guozzen is ferline jier foar it earst minder wurden. Foar it Fryske Gea is dat it bewiis dat harren oanpak wurket. As tsjinprestaasje ferwachtsje sy no dat de guozzen winterdeis net twa moannen, mar fjouwer moannen mei rêst litten wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)