'Fryske Gea foar Tsjerken'?

31 okt 2007 - 10:19
  • De aksje yn Wier liedt ta ferfolch-aksjes foar it behâld fan tsjerken

Der moat in Fryske Gea foar tsjerken komme. Dat wol de steatefraksje fan de PvdA. Sa'n organisaasje moat him ynsette foar it behâld fan tsjerken yn Fryslân. De besteande Stichting Alde Fryske Tsjerken kin it grutte tal leechkommende tsjerken net oan. Dizze stichting kin ien tsjerke yn de twa jier restaurearje. Dat is net genôch.

De PvdA tinkt dat der in bredere organisaasje komme moat foar it behâld fan tsjerken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)