Fryske Gea en Lânskipsbehear Fryslân begjinne koöperaasje

03 sep 2015 - 19:16

It Fryske Gea en Lânskipsbehear Fryslân begjinne yn oktober in koöperaasje dy't him rjochtet op plattelânsûntjouwing. Roel de Jong fan Oranjewâld is beneamd ta direkteur fan de nije organisaasje. Doel fan de koöperaasje is om yn te spyljen op inisjativen fan bewenners en partikuliere organisaasjes om de kwaliteit fan de omjouwing te ferbetterjen.

De nije koöperaasje wol saakkundichheid op it mêd fan de leefomjouwing byinoar bringe. Dy saakkundigen kinne dan ynset wurde by nije inisjativen dy't bydrage oan de leefomjouwing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)