Fryske garaazjes binne betrouber

15 des 2004 - 14:47

Fryske garaazjes komme der goed ôf yn de test fan de ANWB. De test besjocht de betrouberheid fan garaazjebedriuwen. Trije fan de fiif bedriuwen steane yn de top 20. Autoland van den Brug op It Hearrenfean is 4e, Van der Ploeg fan Kollumersweach 6e en de Suzuki-garaazje op It Hearrenfean is 15e.

De Buorren komt as minste Frsyke garaazje út it ûndersyk. It Lippenhúster bedriuw stiet op it 51ste plak. Klanten jouwe it bedriuw in acht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)