Fryske G-judoka nei EK

28 nov 2007 - 23:12

Foar it earst yn de skiednis fan it Frykse judo docht dit wykein in Fries mei oan in Europees Kampioenskip judo foar minsken mei in beheining. De 32-jierrige Johan Leegstra út Kollum is selektearre om foar it Nederlânske G-judo team út te kommen.

Mei fjouwer oare judoka's stapt er freedtemiddei op it fleantúch om sneon yn München de Nederlânske flage te ferdigenjen. Woansdei wie de lêste training foar Leegstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)