Fryske fuotballer Michel Vlap nei EK ûnder de 19 jier

01 jul 2015 - 15:54
  • Michel Vlap
  • Michel Vlap

It Nederlânsk fuotbalalvetal ûnder de 19 jier reizget mei ien Fries ôf nei it Europeesk kampioenskip. Middenfjilder Michel Vlap fan Snits is opnommen yn de definitive seleksje fan bûnscoach Aron Winter. Neist Vlap sitte ek Pelle van Amersfoort en Tarik Kada fan SC Hearrenfean by de seleksje. Rewan Amin, dy't ek yn it Abe Lenstra Stadion spilet, foel ôf yn de foarseleksje.

It Europeesk kampioenskip ûnder de 19 jier wurdt fan 6 oant en mei 19 july spile yn Grikelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)