Fryske fûgelwachten wolle tastimming foar ljipaaisykjen

23 des 2015 - 18:15
  • In broedsje ljipaaien

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) freget foar kommend jier op 'e nij tastimming foar it ljipaaisykjen. De provinsje moat hjir meikoarten in beslút oer nimme. De oanfraach komt op in dreech momint: ferline wike brocht fûgelûndersyksburo Sovon in rapport út oer de ljippestân. En dêr waard deputearre Johannes Kramer net fleurich fan.

Neffens it rapport is de ljippestân tige min. Ut sifers docht bliken dat sûnt 2003 de ljippestân alle jierren mei in lytse trije persint tebek rûn is. Ek it leefgebiet en de fersprieding fan de ljip nimt ôf.

Harm Niesen fan de Faunabeskerming sei, nei oanlieding fan it Sovon-rapport, dat er wol dat aaisikers de ljipaaien kommend jier lizze litte. Foarsitter Rendert Algra fan de BFVW seit lykwols stride te bliuwen foar de tradysje fan it aaisykjen yn Fryslân. Boppedat seit er dat de ynfloed fan it aaisykjen op de ljippestân te ferwaarloazgjen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)