Fryske frijwilligersakademy krijt stipe fan Oranje Fonds

09 sep 2015 - 21:57
  • Frijwilligers dogge wurk yn de bosk

It plan foar it oprjochtsjen fan in Fryske Frijwilligersakademy wurdt troch it Oranje Fonds foar ien jier stipe mei in bydrage fan 20.000 euro. Mei dat jild kin ûnder oare in website makke wurde dêr't in oersjoch op stiet fan trainingen dy't frijwilligers en organisaasjes folgje kinne.

Doel is ek dat kennis en praktyske ûnderfinings mei frijwilligerswurk op de website dield wurde kin. Ut ûndersyk docht bliken dat no't der hieltyd mear in berop dien wurdt op frijwilligers, ek de fraach nei kennis oer it út te fieren wurk tanimt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)