Fryske flagge oan Martinitoer

13 maaie 2005 - 14:17

Leden fan 'aksjegroep' d'Friesche Olle Grieze lieten tongersdei de Fryske flagge fan de Martinitoer yn it sintrum fan Grins wapperje. It giet om fans fan sportklub Hearrenfean, dy't sa alfêst it fjoerke opstoke foar wedstriid fan Grins tsjin Hearrenfean fan oankommende sneintemiddei. Njonken de Fryske flagge hong in spandoek mei de tekst 'SCH op eenzame hoogte'.

It is fêste prik dat by derby's tusken de twa klubs sokke fiten úthelle wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)