'Fryske fjurwurkopslach feilich'

21 des 2005 - 16:17

De fjoerwurkopslachplakken yn Fryslân binne feilich. Dat seit de provinsje. Ferline wike kaam in rapport nei bûten fan it ministearje fan VROM. Dêryn waard steld dat de provinsje situaasjes gedoochde der't it net feilich wie.

Neffens deputearre Baas hat it ministearje âlde gegevens brûkt. Neffens Baas wurde de njoggen grutte fjoerwurkopslachplakken dêr't de provinsje tafersjoch op hâldt, mei grutte regelmaat kontroleard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)