Fryske fiskwinkels bliid mei komst fan Hollandse Nieuwe

18 jun 2015 - 18:58
  • Hollandse Nieuwe

De Hollandse Nieuwe is der wer. Woansdei waarden de earste farske hjerrings tradisjoneel feild en fan tongersdei ôf lizze se yn de winkel. It soarget altyd foar in soad ekstra klandyzje yn de fiskwinkels, bygelyks by it Fiskhûs yn Hurdegaryp.

En it Fiskhûs kin de ekstra promoasje wol brûke. Krekt dizze wike is de strjitte foar de winkel iepenbrutsen en moatte minsken dus omride om in fiskje te keapjen.

It Fikshûs is der dan ek wiis mei dat de Hollandse Nieuwe krekt no komt. Dat minsken der wol foar omride wolle, docht bliken by de fiskkream yn Ljouwert. Fan oeral út de provinsje komme minsken hjir foar de nije hjerring. In fiskje dêr't minsken echt op sieten te wachtsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)