Fryske finalist Jonge Dichter

24 sep 2014 - 10:18
  • Masha van Kammen

Masha van Kammen (16) út Ljouwert sit yn de finale fan de Jonge Dichter des Vaderlands. De finale mei fiif gadingmakkers is 4 oktober yn Rotterdam op it Geen Daden Maar Woorden-festival. De finalisten sille elk twa fersen foardrage. In faksjuery mei ûnder oare Arie Boomsma en Anne Vegter, kiest de winner. Dy winner folget de Fryske Joanne Hoekstra op dy't no noch de Jonge Dichter des Vaderlands is.

De jonge dichter draacht de titel twa jier en skriuwt yn dy tiid op syn minst fiif kear yn it jier in fers nei oanlieding fan de aktualiteit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)