Fryske film op festival yn Husum

02 nov 2006 - 16:18

De Fryske film 'Sportman fan de ieu' is oer twa wike te sjen op in filmfestival yn it Dútse Noardfryslân. Yn de stêd Husum is fan tongersdei 16 oant en mei snein 19 novimber in filmfestival foar minderheidstalen.

Behalve de Fryske film draaie dêr ek noch films fan de Sami út Skandinavië, de Kelten út Skotlân, de Ladiniërs út Italië en de Retoromanen út Switserlân. De rolprinten hawwe Dútse en Ingelske ûndertitels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)