Fryske Filipinen yn noed

12 nov 2013 - 15:10
  • De orkaan Haiyan soarge foar grutte fernielings op de Filipinen
  • Angie makket har grutte soargen oer har famylje op de Filipinen

It wurdt hieltyd dúdliker dat de stoarm op de Filipinen dramatyske skea oanrjochte hat. It offisjele deadetal rint alle dagen fierder op. Tsientûzenen minsken binne alles kwyt en stêden en doarpen binne troch de orkaan Haiyan mei de grûn lykmakke. De bewenners hawwe leard om mei stoarmen om te gean. Mar dit is folle slimmer as oars. Ek yn Fryslân sitte ferskate Filipinen yn noed oer famylje en freonen yn it rampgebiet.

Ien fan har is Angie út Ljouwert. Se besiket kontakt te krijen mei har famylje dy't yn it rampgebiet wennet, mar dat is noch altyd net slagge. Se hat grutte soargen oer it lot fan har broers en heit en mem en folget it nijs op 'e foet.

Willy Winkels is sân jier lyn ferhuze nei de Filipinen en runt dêr in berneprojekt. Hy wie mei de orkaan Haiyan tafallich yn Fryslân. Hy wol hiel graach werom om slachtoffers te helpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)