Fryske Feyenoord-fans skrokken fan opskuor yn Rome

20 feb 2015 - 15:16
  • Feyenoordfans yn Rome krigen spul mei de plysje

Fryske fans fan fuotbalklup Feyenoord binne bot skrokken fan de opskuor yn de Italiaanske haadstêd Rome. De fuotbalfans wiene dêr om't Feyenoord foar de Europa League in wedstriid spylje moast tsjin AS Roma. Foar de wedstriid ûntstie der ûnrêst yn de binnenstêd.

Dêr wiene ek meardere Friezen oanwêzich, wêrûnder Gert Jan ter Horst út Ljouwert. Neffens him leit de skuld net by de Feyenoordfans, mar by de Italiaanske autoriteiten. "Ze hielden zich niet aan de afspraken die gemaakt zijn met Feyenoord en de Rotterdamse politie", sa fertelt er.

Der wie neffens Ter Horst hielendal gjin oanlieding om yn te gripen. "Er hing een gezellige sfeer en er was niets aan de hand. Maar op een gegeven moment dacht ik wel even: waar ben ik beland?"

Ek op twitter waard der praat oer de Fryske flagge yn Rome.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)