Fryske Fersetsmuseumpriis foar bêste profylwurkstik

29 okt 2015 - 15:45
  • De webside fan it Fersetsmuseum Fryslân

Learlingen fan de boppebou fan it VMBO, de HAVO en it VWO meitsje kâns op de earste Fryske Fersetsmuseumpriis. It museum daget de learlingen yn Fryslân út om harren profylwurkstuk oer de Twadde Wrâldoarloch te meitsjen. Dêrmei kinne se 250 euro winne en boppedat komt it winnende profylwurkstuk yn it museum te lizzen. Woansdei 4 novimber is der in ynspiraasjemiddei foar de learlingen dy't dit wol nijsgjirrich fine. Sy krije in rûnlieding troch it museum en de argiven fan Tresoar. De wurkstikken moatte foar 1 maart 2016 ynlevere wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)