Fryske feehannelers sykje stipe

29 sep 2001 - 00:00

It bûn fan Fryske feehannelers wol stipe helje by de kollega's yn Grinslân en Drinte foar de feemerk yn Ljouwert. Freed gong 90 persint fan de oanwêzige leden akkoard mei it ûnderbringen fan de feemerk yn in aparte stifting.

Dizze stifting hiert tenei de feemerkhal fan it FEC en betellet ek de kosten foar de merk. De nije stifting sil op 1 novimber út ein sette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)