Fryske fans binne klear foar it Eurovisie Songfestival

19 maaie 2015 - 16:22
  • Trijntje Oosterhuis by de repetysjes yn de Wiener Stadthalle

Fryske fans sjogge út nei it Eurovisie Songfestival dat tiisdeitejûn yn Wenen úteinset. Trijntje Oosterhuis sjongt dan har nûmer Walk Along. Lammert de Bruin van Bútenpost is dêrby. Dat is foar him de earste kear. Hy docht ferslach foar it televyzjeprogramma EenVandaag.

Douwe Gerlof Heeringa is der ek klear foar. Hy sit tiisdeitejûn thús mei leverwoarst en augurken op de bank. De echte finale is sneon pas, seit er, mar de kâns dat Trijntje dat hellet, liket net al te grut.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)