Fryske falliseminten op selde nivo as yn 2014

09 apr 2015 - 12:49

Yn de earste trije moannen fan dit jier binne yn Fryslân fyftich falliseminten útsprutsen. It tal falliseminten leit dêrmei op frijwol itselde nivo as yn 2014. Dat docht bliken út de sifers fan it Centraal Bureau voor de Statisiek. Fan dy fyftich falliseminten waarden der 19 útsprutsen yn de moanne maart. By de 50 falliseminten sieten fjouwer ZZP'ers, yn de oare gefallen gie it om in bedriuwen of in ynstelling.

It CBS sjocht oer hiel Nederlân wer in foarsichtige groei fan it tal falliseminten, mar yn Fryslân falt dat noch in slach ta.

Op de side fan it CBS steane alle sifers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)