Fryske fabryk Egypte stillein

31 jan 2011 - 14:36

Frisian Egg hat syn fabryk yn Egypte stillein. It Drachtster bedriuw hat in fabryk foar aaiprodukten yn Egypte dêr't 40 minsken wurkje. Troch de maatskiplike ûnrêst yn it lân kinne de supermerken net mear oanlevere wurde.

Snein kaam ien fan de fiif sjauffeurs om it libben doe 't er skept waard by in militêre blokkade op de dyk. De direksje fan Frisian Egg hat kontinu kontakt mei de Egyptyske meiwurkers. Dit wykein ûntsnapten tûzenen finzenen út in finzenis tichtby it fabryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)