Fryske F16's ûnderskeppe Boeing

21 jan 2005 - 10:15

Twa F16's fan de fleanbasis Ljouwert hawwe woansdei boppe Amersfoort in Boeing 747 ûnderskept. Dat waard dien omdat der gjin radioferkear mei it tastel mooglik wie. It is gebrûklik dat yn de NAVO-lannen fleantugen dêr't gjin kontakt mei is, ûnderskept wurde.

Doe't de F16's neist de Boeing fleagen, hiene de piloaten yn 'e gaten dat der wat mis wie. It kontakt waard dêrop hersteld, sa hat definsje bekendmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)