Fryske Eksportklup groeit

22 jun 2004 - 12:16

De Fryske Eksportklup foar ûndernimmers dy't in soad yn it bûtenlân hannelje, is foarich jier mei 25 prosint groeid. De klup gie fan 73 nei 100 leden. De eksportklup stipet ûndernimmers yn it bûtenlân en is ek bedoeld om erfarings oer bepaalde lannen út te wikseljen.

As belangrykste reden foar de groei wurdt neamd dat de mooglikheden ta eksport hieltyd tanimme. Earme lannen wurde riker en in soad lannen iepenje nei it kommunisme har merk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)