Fryske eksport nimt wer ta

15 jul 2010 - 12:26
  • Foto: Omrop Fryslân

It giet wer wat better mei de Fryske eksport. Dat docht bliken út sinjalen dy't de Fryske Eksportklup fan bedriuwen krijt. Earder dizze wike melde it CBS ek al dat de hannel mei it bûtenlân yn maaie 18% heger wie as yn deselde perioade ferline jier.

In foarbyld fan in Frysk bedriuw dat mear ferkeapet yn it bûtenlân is Mefiag fan It Hearrenfean. It bedriuw leveret pompen en filters oan bedriuwen yn 'e autoyndustry en it sanitêr. Mefiag hat 19% mear omset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)