Fryske ekonomy docht it goed

12 des 2006 - 10:12

De Fryske ekonomy docht it goed wat eksport en wurkgelegenheid oanbelanget. Dat docht bliken út de jierlikse sifers fan de Keamer fan Keaphannel. De omset it dit jier mei 4,6 prosint tanommen. Ferline jier wie dat noch 1,9 prosint. Lanlik is de omset dit jier mei 4,6 groeid.

De bou en de gemyske yndustry lizze yn Fryslân wol boppe it lanlike sifer. De ferwachtings foar 2007 binne hiel geunstich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)