Fryske ekobedriuwen meitsje kâns op priis op biobeurs

21 jan 2015 - 10:07

Twa Fryske bedriuwen meitsje woansdei kâns op in wichtige biologyske priis. It giet om ekowinkel Helder op 'e Lemmer en bioboer Bakker, dy't in bedriuw hat by Muntsjesyl. De prizen wurde útrikt op de biobeurs yn Swolle, dêr't de nasjonale fakbeurs is foar minsken dy't har dwaande hâlde mei duorsum en biologysk iten en de teelt dêrfan.

Bakker makket kâns op in ynnovaasjepriis en de Lemster winkel is al de bêste biologyske winkel fan Fryslân en kin no de bêste fan Nederlân wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)