Fryske eilannen Moaiste Plak?

14 feb 2006 - 13:40

Skiermûntseach en Flylân stean op kop yn de ferkiezing fan Moaiste Plak fan Nederlân fan de NCRV. Yn alle provinsjes fiere twa ambassadeurs kampanje. Se moatte spesjale opdrachten útfiere. It winnende plak krijt 25.000 euro. Op de webside demooisteplek.nl kin stimd wurde.

Oant no ta hat Skiermûntseach de measte stimmen, folge troch Flylân. Mids april is de ferkiezing op televyzje te folgjen. Op 13 maaie is de finale.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)