Fryske eigner Concrelit Stienwyk

15 sep 2006 - 10:08

De betonyndustry Concrelit út Stienwyk is folslein yn Fryske hannen kaam. Tjeerd van der Zee út Snits hat it bedriuw oernaam fan it memmebedriuw yn Nieuwegein.

Concrelit makket ûnder oare betonnen eleminten foar it oanlizzen fan diken en foar agraryske bedriuwen. Yn de kommende jierren hopet it bedriuw groeie te kinnen. De nije eigner is dan ek fan doel om flink te ynvestearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)