Fryske DS deklarearje mear

15 sep 2009 - 13:36
  • DS deklarearren yn 2008 goed oardel ton ûnkosten

De provinsje is it net iens mei de konklúzje fan in ûndersyk troch RTL Nieuws dat seit dat Fryske provinsjebestjoerders yn trochsneed mear deklarearje as kollega's yn oare parten fan it lân. Neffens in wurdfierder hat elke provinsje syn eigen regels en is it dêrtroch hast net mooglik om it goed te fergelykjen.

It kolleezje fan Deputearre Steaten makke yn 2008 foar hast oardel ton oan ûnkosten, mear as twa kear safolle as kollega's yn Grinslân en Drinte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)