Fryske drugssjauffeur pakt

09 aug 2006 - 09:58

In 43-jierrige frachtweinsjauffeur út Wûnseradiel is yn Ingelân oanhâlden foar drugssmokkel. De man hie 40 kilo heroïne ferstoppe tusken blommen en griente yn syn wein. Tagelyk mei de Fries waarden ek twa Nederlânske mannen arresteard dy't it transport begelieden mei in auto.

De trije binne oppakt troch in ûndersyk fan de resjerzje fan Snits. De heroïne hat in strjitwearde fan 4 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)