Fryske dokter bestriidt ebola

19 sep 2014 - 12:33
  • Ferpleechsters dwaande mei it begelieden fan in ebola-pasjinte

Sierra Leöane wurdt trije dagen platlein om de fersprieding fan ebola tsjin te gean. De Fryske dokter Roeland Monasch is direkteur fan Unicef yn it lân en is ien fan de inisjatyfnimmers fan de aksje. Trije dagen lang sille tuzenen meiwurkers doar oan doar by de huzen del om de minsken foar te ljochtsjen oer ebola. Ek sille sa'n oardel miljoen stikken sjippe útdield wurde.

Undertusken hat de VN-Veiligheidsraad sein dat de útbraak fan Ebola in gefaar foar de wrâldfrede is. Mei-inoar binne al 560 minsken yn Sierra Leöane oan ebola ferstoarn.

.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)