Fryske dichters yn Parys

17 mrt 2007 - 17:27
  • Tsead Bruinja lêst foar
  • Albertina Soepboer wie der ek by

Trije Fryske dichters ha tongersdei yn Parys foarlêzen. Tsjêbbe Hettinga, Albertina Soepboer en Tsead Bruinja wienen op in literêre jûn op it Institút Néerlandais. Dat ynstitút befoarderet de Nederlânske kultuer yn Frankryk bestiet 50 jier.

De gedichten wienen foar dizze gelegenheid oerset yn it Frânsk. De film Frjemde kusten fan Pieter Verhoeff oer Hettinga wie ek te sjen. Op de jûn kamen fral Nederlanners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)