Fryske diaken yn Rotterdam

08 maaie 2007 - 14:59

De Fries Pier_Tolsma wurdt op 2 juny as ien fan de fjouwer nije diakens fan it bisdom Rotterdam wijd. Tolsma waard yn 1950 berne yn Westhim. Hy folge in stúdzje skiekunde yn Grins, wurke dêrnei as informatikus en manager yn de fleantúchyndustry en by oare technykse bedriuwen. Nei syn ferhuzing nei Leiden groeide der in sterke bân mei de katolike Sint Petrus-parochy dêr. Hy besleat doe in oplieding ta diaken te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)