Fryske derby rap útferkocht

08 jan 2014 - 10:53
  • Fryske derby Hearrenfean tsjin Cambuur

De derby SC Cambuur-SC Hearrenfean is woansdeitemoarn folslein útferkocht. De lêste kaarten gongen fia in online-ferkeap binnen acht minuten de doar út. Dêrtroch sit it Cambuurstadion yn Ljouwert op 26 jannewaris mei goed 10.000 taskôgers hielendal fol. Earder rekke it besikersfak fan SC Hearrenfean ek al yn in pear minuten útferkocht. Der komme sa'n 400 Hearrenfeansupporters nei Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)