Fryske deputearren yn Wales

13 mrt 2004 - 00:00

It folsleine kolleezje fan Deputearre Steaten is op dit stuit op wurkbesite yn Wales. De deputearren wolle yn Wales, dat krekt as Fryslân in minderheids regio is, mear te witten komme oer hoe't de oerheid omgiet mei it taalbelied.

Der wurde ûnder oaren besites brocht oan skoallen, taalynstituten, omroppen en it regionale parlemint. De Fryske deputearren wolle sa ideeën opdwaan foar it Fryske taalbelied.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)