Fryske dekhynst Heinse kampioen

16 okt 2003 - 00:00

Dekhynst Heinse fan Siebren Minkema waard tongersdei op Yndoar Fryslân Nasjonaal Kampioen Frysk ras foar de sjees. De freondinne fan Minkema, Jolanda Schreuder, waard twadde mei Jasper. Tred waard Alfons fan Proosdij mei Bommelsteyn's Onne.

Arend Mandemaker fan Dunegea waard mei de drachtige merjes Tjallien en Jantine Frysk kampioen Twaspannen Frysk Ras foar de Konkourswein. Age Bijl fan Ketlik waard twadde yn dizze rubryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)