Fryske clubs foar fuotbalwet

06 des 2006 - 17:42

De Fryske fuotbalclubs SC Hearrenfean en SC Cambuur binne beide foarstanner fan in nije fuotbalwet. Dy moat rellen by wedstriden tsjingean. Wichtich ûnderdiel fan de fuotbalwet is in stadionferbod foar hooligans. Dy soene harren melde moatte by it plysjeburo op de dei fan de wedstriid sels.

Oanlieding foar de fuotbalwet is reboelje yn it UEFA-cup-toernoai Nancy-Feyenoord. Yn it Algemeen Dagblad ferskynde in petysje oer de nije wet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)