Fryske CITO-skoares 'net goed'

14 sep 2013 - 12:28

Basisskoallen yn Limburch skoare it bêste fan Nederlân, Drintse skoallen it minst. Ut ûndersyk fan RTL-nijs docht bliken dat der grutte regionale ferskillen binne tusken de CITO-skoares fan basisskoallen. Wylst Limburch en Utrecht útkomme op in 8 en in 7.5 skoare Fryske skoallen mei 6,4 ûnder it gemiddelde.

Ut it ûndersyk docht ek bliken dat lytse basisskoallen it minder goed dogge as grutte skoallen. Ek skoare Montessori-skoallen better as skoallen dêr't klassikaal les jûn wurdt.

Foar it ûndersyk binne de CITO-resultaten fan de skoallen fergelike mei skoallen yn de omkriten en oanslutend omset yn in rapportsifer. Yn dit sifer is ek rekken hâlden mei de sosjale, ekonomyske en kulturele eftergrûn fan de learlingen. It is foar it earst dat de trochsneed CITO-skoare fan alle skoallen frijjûn is.

Fryslân hat ek basisskoallen dy't it neffens it ûndersyk poerbêst dogge. Iepenbiere basisskoalle De Twilling yn Stiens heart sels by de bêste twa basisskoallen fan Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)