Fryske CEO te gast op it Wite Hûs yn Washington

08 sep 2015 - 20:17
  • It Wite Hûs yn Washington D.C., Amearika

De baas fan sinnepanielebedriuw Global Solar Investments fan It Hearrenfean, Fedde Pronk, is woansdei te gast op it Wite Hûs yn Amearika. It Feanster bedriuw is dêr om it ûndertekenjen fan in yntinsjeferklearring tusken it Afrikaansje lân Benin en de Millennium Challenge Corporation by te wenjen.

Benin wol graach duorsume enerzjy opwekke en hat dêrfoar 375 miljoen euro krigen fan de Amerikaanske stichting. Global Solar Investments is ien fan de bedriuwen dy't it projekt útfiere mei.

By de ûndertekening is ûnder oare ek vice-presidint Joe Biden oanwêzich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)