Fryske CDA'ers ûngerêst

19 okt 2004 - 13:57

It CDA yn Noardwest-Fryslân hat grutte soargen oer it sosjale belied fan it kabinet-Balkenende. Op in partij- byienkomst yn Menaam koene leden fan fiif Fryske CDA-ôfdielings har fragen oer it kabinetsbelied kwyt oan Twadde- Keamerleden Kortenhorst en Atsma.

De fragen fan politisy en gewoane CDA- leden út de Noardwesthoeke fariearden fan 'wêr bliuwt de solidariteit tusken de minsken' oant 'wêrom rint it CDA oan de line fan minister Zalm'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)