Fryske CD tsjin boarstkanker

26 jun 2009 - 09:56

De Stichting Bewegen voor Overleven komt yn oktober mei in Fryske cd wêrfan de opbringst nei projekten op it mêd fan boarstkanker giet. Ferskate tekstskriuwers as Baukje Wytsma en Albertina Soepboer wurkje hjiroan mei.

Op de cd komt ek in ferske te stean dat skreaun is foar Anita Andriesen, de deputearre dy't ferline jier desimber ferstoar oan de gefolgen fan boarstkanker. Andriesen hat hiel wichtich west foar de stichting, mar fral foar boarstkanker-pasjinten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)