Fryske bylage Friesland Post?

12 jun 2002 - 00:00

Moanneblêd Friesland Post moat fjouwer kear yn 't jier in Frysktalige bylage krije. Dat wolle de steatefraksjes fan CDA en Grien Links. Mei de bylage yn in oplage fan 11.000 eksimplaren wolle de partijen it Frysk befoarderje.

De bylage mei kleurefoto's soe 32 siden hawwe moatte en ferhalen fan goede sjoernalistike kwaliteit. It plan kostet likernôch 286.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)