Fryske buieradar by Omrop

24 aug 2010 - 06:37

De waarsite fan Omrop Fryslân op ynternet is fernijd. Sûnt hjoed is der neist it waarberjocht in Fryske buieradar te sjen. De buieradar is ûntwikkele yn gearwurking mei Piet Paulusma meteoservice. Der wurdt in protte gebrûk makke fan de waarsite fan Omrop Fryslân. Alle dagen besjogge tûzenden minsken it waarberjocht fia de site www.omropfryslan.nl.

De haadredaksje fan Omrop Fryslân ferwachtet dat it tal besikers mei de buieradar trochgroeie sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)