Fryske breedbânprojekten rinne fertraging op

10 mrt 2015 - 15:52

Fryske breedbân ynternetprojekten kinne mooglik wol trije oant fjouwer moanne fertraging oprinne. Dat komt trochdat de Autoriteit Consument en Markt yngrepen hat by sa'n projekt yn Langedike. Reden dêrfoar is dat de KPN it monopoalje hat. De Autoriteit Consument en Markt fynt dat ek oare oanbieders in kâns hawwe moatte.

De FNP hat yntusken fragen steld oer de kwestje. De partij fynt it frjemd dat it projekt wol de goedkeuring fan Europa hat, as it giet om konkurrinsjeregels, en dat no in Nederlânske organisaasje der oars oer tinkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)