Fryske brânwachten net nei A'dam

15 des 2005 - 08:17

Leden fan de Fryske frijwillige brânwacht hoege net mear yn te fallen by it brânwachtkorps fan Amsterdam. Dêr is krapte om't in soad brânwachten oeroeren draaid hawwe by de stakingen ferline wike.

Neffens de arbo-regels moatte de brânwachten dy oeren kompenseard krije. Fryslân soe dêrom kommende freed en snein yn totaal 26 minsken leverje. It fersyk is lykwols wer ynlutsen. De krapte wurdt mei eigen minsken opfold.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)