Fryske brânwacht no ien

01 jan 2014 - 04:20

In drokke, mar ek feestlike nacht foar de brânwacht yn Fryslân. Om 12 oere knalde de sjampanje iepen by de kazerne yn Ljouwert. Fan woansdei ôf is de brânwacht yn Fryslân nammentlik ien organisaasje. Dus ien Fryske brânwacht dy't de hiele provinsje betsjinnet. Alles falt tenei ûnder de feiligensregio Fryslân. Dat moat benammen it bestriden fan grutte brannen makliker meitsje, om't makliker opskaald wurde kin. Ek kin maklik mei materiaal en minsken skood wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)