Fryske brânwacht nei Schoorl

29 aug 2009 - 08:15

Tolve Fryske brânwachtkorpsen binne freedtejûn oproppen om te helpen by it blussen fan de boskbrân yn Schoorl. Dy begûn freed oan it begjin fan de middei en bedrige ûnder oare in diel fan it doarp Schoorl. Goed 500 ynwenners waarden dêrom evakuearre.

De ferwachting is dat it blussen fan de brân noch wol de hiele sneon duorje sil. De Fryske brânwachtminsken dy't dêr by helpe, komme ûnder oare út Drylts, Wytmarsum, Noardwâlde, Snits, Beetstersweach, Frjentsjer en Grou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)